Adwin de Kluyver hie langstme nei it Noarden hast net neifertelle kinnen

24 feb 2019 - 14:09

It langstme nei it Noarden bringt skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver út Ljouwert nei it noardlikste puntsje fan de Shetlandeilannen. Dêr giet it hast mis. In pear meter fierder en hy hie fan in klif fallen en syn ferhaal net neifertelle kinnen. Safier komt it gelokkich net en sterker noch, it foarfal wurdt it begjin fan syn boek 'Het gedroomde Noorden'.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver wie snein te gast yn it radioprogramma Buro de Vries

It boek is yn jannewaris ferskynd en beskriuwt de langstme fan De Kluyver nei de noardlikste parten fan de wrâld. De leechte, de tsjusternis en oarsprong fan kultueren. En ek wa't foar him al dy langstme nei de ein fan de wrâld hiene.

De Kluyver hat in skoft net oan it ûnfertúnlike momint op dat klif weromtocht. "Ik had het eigenlijk lange tijd verdrongen. Alleen toen ging ik over dit boek nadenken, over een begin, en dacht ik: dit is eigenlijk het ideale begin."

In stikje út it begjin fan it boek 'Het gedroomde Noorden':

"Het scheelde weinig of ik was in het hoogste noorden aan mijn eind gekomen. Eén meter slechts scheidde mij van een gespleten schedel, gebroken ledematen en uitpuilende ingewanden. Ik lag op mijn rug op het ijs en ik keek tussen mijn voeten door naar het panorama voor me. Eén beenlengte verderop begon de afgrond."

"Op het moment dat ik het beleefde, voelde het echt als doodsnood", fertelt De Kluyver. "Later heb ik dat een plaats gegeven als 'nou, een beetje dom geweest'. Nog later heb ik het weer opgehaald en ben ik nog eens naar die plek geweest, om te kijken of ik het in mijn hoofd niet had overdreven. Toen dacht ik: dit was echt wel kantje boord. En dat is eigenlijk een heel mooi symbolisch begin van dat verhaal over het verlangen naar het Noorden."

Twadieling

Neist persoanlike ûnderfiningen steane yn it boek fan De Kluyver, dy't ûnder oare sjef Kultuer by de Ljouwerter Krante west hat, ferhalen oer ûntdekkingsreizgers en oare dreamers ûnderweis nei it uterste Noarden troch de jierren hinne. It is in miks fan literatuer en skiedkunde, seit De Kluyver. "Dat kun je ook in ieder hoofdstuk zien, daar zit een tweedeling in. Ik neem je iedere keer mee naar een plek op de kaart, die kaart staat bij ieder verhaal. En ik neem je mee naar een personage. En eigenlijk kijk je door de ogen van dat personage naar het Noorden."

Podcast

Der is ek in podcast makke fan it boek, dy't te finen is op de webside fan Omrop Fryslân. Yn dizze podcast lêst De Kluyver trije ferhalen út it boek foar: 'Een klif', 'Een Eskimo' en 'Een IJsbeer'. Boppedat is der in soundtrack makke dêr't minsken nei harkje kinne by it lêzen fan it boek. Dizze muzyklist stiet op de webside fan de skriuwer.

De podcast 'Het gedroomde Noorden' is sûnt snein te finen op de webside fan Omrop Fryslân.

Der binne trije ôfleveringen:

Diel 1: Unst, Groot Brittannië - Een klif

Diel 2: Kaap York, Groenland - Een Eskimo

Diel 3: Stateneiland, Karazee - Een IJsbeer

(Advertinsje)
(Advertinsje)