Ketellapper-Zielman wint einklassemint KPN Grand Prix en hâldt op: "Nu is het klaar"

Maratonreedrydster Carla Ketellapper-Zielman is snein tredde wurde by de lêste maraton yn de KPN Grand Prix yn it Sweedske Luleå. It wie genôch om it einklassemint te winnen. Nei de race makke Ketellapper-Zielman bekend dat it ek har lêste race wie: se hâldt dermei op.
Ketellapper-Zielman
Se hie noch wol graach de lêste wedstriid winne wollen. Dat slagge lykwols net: nei 100 kilometer moast se it yn de sprint ôflizze tsjin de nûmer ien Irene Schouten en de nûmer twa Iris van der Stelt. "Ik moest heel veel doen in de wedstrijd", seit se. "Dus ik merkte met een ronde of drie te gaan dat ik niet meer zoveel over had. Dus ik kwam in het eindklassement net tekort."
Carla Ketellapper-Zielman (yn it oranje pak) © Neeke Smit
Ketellapper-Zielman wie al earder opholden, mar makke dit jier har comeback. "Een jaar gedaan. Hartstikke mooi, maar nu is het klaar." Se woe eins nei de wedstriden yn Sweden pas it beslút nimme, mar se wie der al earder út. "Van de week had ik allemaal bevroren vlekken op m'n been toen het zo koud was. M'n dochter Julia was mee, die was ook niet fit. Al die dingen heb ik meegenomen in m'n besluit."

"Topafsluiting"

Se is bliid dat se har karriêre mei in haadpriis ôfslute kin. "Volgend jaar moet je maar weer zien hoe het gaat. Dan denk je straks: was ik nou maar gestopt toen het nog goed ging. Dit is een topafsluiting."