Dennis Veenker einiget mei twamansbob as trettjinde yn Calgary

24 feb 2019 - 10:54

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is by de wrâldbeker yn Calgary trettjinde wurden yn de twamansbob. Mei syn ploechmaat Ivo de Bruin sette er nei twa runs in totale tiid del fan 1.52.01. Dêrmei wiene se 1.17 sekonde trager as it winnende duo Francesco Friedrich en Thorsten Margis út Dútslân (1.50.84).

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

It twadde plak gie nei Justin Kripps en Ryan Sommer út Kanada (1.50.93) en as tredde einigen Johannes Lochner en Christopher Weber út Dútslân (1.51.07).

Veenker en De Bruin komme snein wer yn aksje yn Kanada. Dan yn de fjouwermansbob mei Joost Dumas en Janko Franjic.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)