Omrop TIP: In oaze fan rêst midden yn de stêd

24 feb 2019 - 09:51

Yn 2011 iepene de Oergong, in hûs fan stilte. De Oergong is fêstige yn it eardere kostershûs fan de Doopsgezinde Kerk yn Ljouwert, op ien fan de drokste plakjes fan de stêd: de Wurdumerdyk. Tusken de winkels stiet dêr de menistetsjerke mei dêrnjonken de Oergong.

Tjitske Hiemstra by de yngong fan de Oergong - Foto: Privéfoto

Predikante Tjitske Hiemstra hat de Oergong oprjochte en der is no krekt in boekje fan har hân útkommen, mei de titel 'Verlangen naar Bezinning en Bezieling'. Yn dit boekje sjocht se werom op it ûntsteansproses fan de Oergong, op wat der groeid is yn dy jierren en op har eigen groeide spiritualiteit.

Dreamen

Hiemstra kaam op it idee fan in hûs fan stilte troch twa dreamen. Yn beide dreamen kocht se in hûs. Doe't se oaren dêroer fertelde en derby sei oan hokker strjitte it hûs stie dat se yn har dreamen kocht hie, reagearre ien mei de opmerking dat der yn Rotterdam in strjitte is mei dy namme. En dat yn dy strjitte in hûs fan stilte stiet.

It boek 'Verlangen naar Bezinning en Bezieling' - Foto: Omrop Fryslân

It duorre noch alve jier oant de predikante har idee ek echt útfierde. "Yn dy alve jier ha ik sels in spirituele groei trochmakke. Ik ha meditaasjekursussen dien en ik bin djipper yn mysels kommen", seit Hiemstra.

Boarstkanker

De predikante hie mei it no krekt ferskynde boekje yn har hân, graach lêzingen fersoargje wollen. Dat plan rint yn it hûndert, trochdat koartlyn boarstkanker by har konstatearre is. "Ik ha in bysûnder âld en nij meimakke yn Switserlân en ik bin it jier 2019 mei fertrouwen yngien. Miskien ferskynt der nei dit jier wol in boekje fan my oer 'bezinning en bezieling in het ziekenhuis'." Hiemstra krijt op it stuit gemo- en ymmunokueren en fielt har goed.

Tjitske Hiemstra yn de Oergong - Foto: Omrop Fryslân

Predikante Tjitske Hiemstra fan de Oergong

Tjitske Hiemstra is sûnt maaie 2000 predikante fan de Doopsgezinde Gemeente yn Ljouwert. Se fertelt oer it hûs fan stilte Oergong en har boekje 'Verlangen naar Bezinning en Bezieling' yn it radioprogramma Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)