Sulver foar Epke Zonderland by wrâldbeker yn Melbourne

Epke Zonderland hat by de wrâldbeker turnjen yn it Australyske Melbourne in sulveren medalje wûn op de rekstôk. Fan de sjuery krige hy 14.733 punten foar syn finale-oefening. It wie deselde skoare as dy fan de Japanner Hidetaka Miyachi. Mar fanwege in hegere skoare op de útfiering fan de oefening wie it goud foar de Japanner.
Sulver foar Epke Zonderland by World Cup yn Melbourne
De Sinees Zhang Chenglong krige de brûnzen medalje. Yn de finale turnde Zonderland in sterke oefening mei as eleminten in Cassina en in kombinaasje fan de Kolman-Gaylord 2.

Goede start

Zonderland hie him freed op it nipperke pleatst foar de rekstôkfinale yn Melbourne. Nettsjinsteande in fal sammele er genôch punten om troch te gean. De turner is bliid mei syn sulver. It is in goede start fan it jier, sa lit er op sosjale media witte.
© www.orangepictures.nl