Automobilist ferwûne by iensidich ûngelok op krúspunt Quatrebras

24 feb 2019 - 07:52

In automobilist is sneontejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op it krúspunt by Quatrebras. De bestjoerder botste mei de auto frontaal tsjin de peal fan in ANWB-boerd oan en rekke beknypt. De helptsjinsten kamen manmachtich yn aksje om it slachtoffer by te stean.

Foto: De Vries Media

De brânwacht koe de bestjoerder út de auto befrije. Dêrnei waard dy troch ambulânsepersoniel behannele en oerbrocht nei it sikehûs. By it ûngelok rekke de auto fan it slachtoffer swier skansearre en is troch in berger ôffierd.

It krúspunt by Quatrebras hat in skoftke ôfsletten west foar it ferkear. De oarsaak fan it ûngelok wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
ûngelok Quatrebras
(Advertinsje)
(Advertinsje)