Ferromming by SC Hearrenfean: "Dit hadden we hard nodig"

23 feb 2019 - 23:29

De ferromming wie grut by SC Hearrenfean nei ôfrin fan it duel tsjin Fortuna Sittard. De ploech fan Jan Olde Riekerink wûn mei 4-2, mar stie nei in heal oere noch op in 0-2 efterstân. Troch goals fan Høegh, Van Bergen en twa kear Lammers giene de 3 punten dochs mei yn de bus nei Fryslân ta.

'We kwamen hier voor drie punten'

"Dit hadden we hard nodig. Je zag dat de spanning misschien wel te groot was voor de wedstrijd, want we begonnen heel slecht," seit Daniel Høegh.

De ferdigener kopte foar it skoft in hoekskop fan Kobayashi binnen en wie dêrmei ferantwurdelik foar de comeback fan SC Hearrenfean: "Die goal gaf ons een boost. Maar we moesten nog meer scoren. We kwamen hier niet voor een punt, maar voor drie punten."

Op de fraach wat der yn it skoft sein is, laket Høegh: "We hebben een goede peptalk gehad."

'Ik vond het teleurstellend hoe we begonnen'

Ek trainer Jan Olde Riekerink wie tige bliid mei de oerwinning fan syn ploech. Wol seach hy ek minpunten: "Ik vond het teleurstellend hoe we aan de wedstrijd begonnen. De eerste twintig minuten verloren we op strijdbaarheid. Daarin was Fortuna beter."

Dochs hie de trainer by de 0-2 efterstân it idee dat der noch wat te heljen wie foar syn ploech: "Door ons eigen spel te spelen draaiden we de wedstrijd nog om. In de tweede helft hebben we de puntjes op de i gezet. Ik ben hartstikke blij met de drie punten en hartstikke trots op de jongens. We hebben weerbaarheid getoond."

'We maken een mooie stap op de ranglijst'

Spits Sam Lammers wie mei twa doelpunten belangryk foar syn ploech: "Je weet dat je de punten hard nodig hebt. Als je de wedstrijd dan na zo'n begin weet om te draaien is de ontlading groot. Dit zijn belangrijke goals. Als je naar de ranglijst kijkt maken we een mooie stap en dit is nog maar het begin."

De spilers en technyske lieding fan Hearrenfean wiene sa bliid mei de oerwinning dat se nei de wedstriid op Twitter witte lieten dat se de kaarten fan de útsupporters fergoede soene.

(advertinsje)