UNIS Flyers pakke kopposysje BeNe League tsjin Ahoud Devils

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneontejûn wûn fan Ahoud Devils út Nijmegen. Yn it eigen Thialf waard it 4-1. De Feansters hiene it lestich en wisten pas yn de twadde perioade de skoare te iepenjen. Troch de oerwinning stean de Flyers earste yn de BeNe League.
De Flyers hiene tsjin de Devils in goeie kâns om de kopposysje yn de BeNe League oer te nimmen. As nûmer 2 stienen se twa punten efter koprinner Herentals. Om koprinner te wurden moast dus wûn wurde fan nûmer fiif Ahoud Devils út Nijmegen.
Yn de earste perioade giene de teams lang lykop. De Devils krigen twa kear in powerplay mar koene dat oerwicht net omsette yn in doelpunt. Omt ek de Flyers net ta skoaren kamen, wie de de rêststân 0-0.

Foarsprong foar Flyers

Yn de twadde perioade waard dan dochs skoard. It wie Aldo van Aalderen dy't de Feansters op foarsprong sette nei in assist fan Ronald Wurm. Lang koene de Flyers net geniete fan dy foarsprong, want fiif minuten letter makken de Devils de 1-1 út in powerplay.
Tsien minuten letter krigen de Flyers in powerplay, dêr't Adam Bezak optimaal gebrûk fan makke troch de 2-1 te meitsjen. Dat wie ek de rêststân fan de twadde perioade. Yn de tredde perioade makken de Feansters de foarsprong noch grutter troch goals fan Ronald Wurm en Mark Hoekstra.

Koprinner yn de BeNe League

Troch de oerwinning gean de de Flyers no oan kop yn de BeNe League. Snein moatte de Feansters nei België foar de wedstriid tsjin nûmer twa Herentals.