LDODK wint tige spannende wedstriid fan KZ

De kuorballers fan LDODK ha goeie saken dien yn de kuorbal league. Yn Sporthal De Sprong yn Koog aan de Zaan waard yn in tige spannende wedstriid mei 19-18 wûn fan konkurrint KZ. Troch de oerwinning stiet LDODK no stevich op it tredde plak.
© www.orange-pictures.nl
LDODK miste Marjolijn Kroon dy't siik thúsbleaun wie. Marjon Visser wie troch famylje-omstannichheden pas yn de twadde helte ynsetber.
Yn de earste helte rûn LDODK yn it begjin út nei in 6-2 foarsprong. Dat koe de ploech fêsthâlde oant 10-7. Dochs kaam KZ werom yn de wedstriid. De stân by skoft wie dan ek 10-10.

Ferskil bliuwt lyts

Yn in tige spannende twadde helte wêryn 't beide ferdigeningen hiel sterk wiene kamen LDODK en KZ om beurten op foarsprong. Erwin Zwart wie mei 6 goals de grutte man oan de kant fan LDODK, mar it wiene yn de twadde helte benammen de froulju dy't de goals makken by de Friezen. Femke Faber, Diana van der Vorst en Lieneke Pries wienen trefseker.
Mei noch 1 minút en 42 tellen te gean soarge Erwin Zwart mei in strafworp foar de winnende treffer: 19-18.
Trainer/coach Henk Jan Mulder
LDODK belibbe in opmerklike primeur yn de Kuorbal League. Yn de sân jier dat de Gordyksters no aktyf binne op it heechste nivo wie it noch nea slagge te winnen yn in wedstryd dy 't filme waard troch ús kollega's fan NOS Studio Sport.
Yn dy gefallen wurdt der in spesjale ljochte flier yn 'e sport lein, mei allinnich de linen dy 't by it kuorbalspul hearre.
LDODK hat no dus ek ôfrekkene mei it "NOS-kompleks".

LDODK stevich tredde

Troch it ferlies fan KZ en ek fan Fortuna stiet LDODK no stevich op it tredde plak, fiif punten foar KZ en seis foar Fortuna út Delft. De kommende wiken wacht LDODK noch in swier programma. Nije wike giet LDODK op besite by koprinner TOP, dêrnei folget in thúswedstriid tsjin nûmer 2 PKC.