SC Hearrenfean docht goeie saken yn 'knotsgekke' wedstriid tsjin Fortuna Sittard

23 feb 2019 - 21:40

Sportklup Hearrenfean hat goeie saken dien yn de earedifyzje. De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink wûn yn Sittard mei 4-2 fan Fortuna Sittard nei in 0-2 efterstân. It seach ek dat konkurrint PEC Zwolle mei 3-0 ferlear fan it De Graafschap fan trainer Henk de Jong. Troch de oerwinning nimt Hearrenfean foarearst ôfstân fan de degradaasjesône.

Foto: orange-pictures.nl

Mei Johnsen yn de basis ynstee fan Mihajlovic gie Hearrenfean op jacht nei de punten yn Limboarch. De Feansters sochten yn it begjin fan it duel de oanfal, en nei fiif minuten tocht hiel Hearrenfean oan in penalty nei in oertreding op Ben Rienstra. Skiedsrjochter Pol van Boekel woe der allinnich neat fan witte. In minút letter wie it oan de oare kant wol raak.

Nei in lange bal fan âld-Cambuurspiler Calvin Mac-Intosh, dy't syn debút makke foar Fortuna Sittard, mocht Lazaros Lamprou samar oannimme en sjitte. Ferdigener Hornkamp wie fiersten te let, en keeper Hahn koe fiskje.

Feansters yn de efterfolging

Hearrenfean moast dêrnei op syk nei doelpunten. Johnsen besocht it en ek in frije skop fan Kobayashi seach der gefaarlik út. It spul gie op en del sûnder dat ien fan beide klups écht grutte kânsen krige.

Nei yn lyts heal oere helle Michel Vlap út fan achttjin meter, mar syn skot waard oer de latte tikke troch keeper Koselev fan Fortuna. Oan de oare kant kaam Fortuna der rap út by in counter en koe Warner Hahn mar krekt rêde op it skot fan Semedo.

Fortuna nei 2-0, Hearrenfean fynt oansluting

Dy counter hie in warskôging wêze moatten foar Hearrenfean. Twa minuten letter kaam Fortuna der wer út, en dizze kear wie it wol raak. Nei in foarset fan Novakovich koe Ljouwerter Mark Diemers de 2-0 meitsje.

Tsien minuten foar it skoft wie der in kâns foar Rienstra om de Feansters werom yn de wedstriid te bringen, mar hy seach dat Koselev syn skot pakte. Yn de blessueretiid fan de earste helte wie it raak foar Hearrenfean. Ferdigener Daniel Høegh koe frij ynkoppe by in hoekskop fan Kobayashi.

Jan Olde Riekerink wiksele net yn it skoft. Hy seach dat syn ploech fûl oan de twadde helte begûn. Koselev moast twa kear rêde foar Fortuna by kânsen foar Johnsen en Høegh. Hearrenfan besocht dêrnei troch te drukken, mar hie it lestich tsjin de ferdigeners út Sittard.

Mei noch in heal oere makke Hearrenfean gelyk. Mitchell van Bergen spile oan de rjochterkant fan it fjild Pinto út, gie de sechstjin meter yn, helle út en seach dat Koselev kânsleas wie.

Fortuna Sittard yn 'e problemen

Fortuna Sittard wie it troch de lykmakker efkes hielendal kwyt. Noch gjin twa minuten nei de 2-2 kaam Hearrenfean der opnij gefaarlik út. Lammers sette Johnsen foar de keeper, mar de Noar slagge der net yn de bal yn de goal te krijen.

Kluptopskoarer Michel Vlap wie dêrnei nóch tichteby, mar syn skot spatte út inoar op de peal. Ek Johnsen koe fan tichteby úthelje, mar syn skot waard krekt op tiid tsjinhâlden troch in ferdigener fan Fortuna.

Reade kaart en penalty

Hearrenfean hie troch dat de winst noch helle wurde koe. Mei noch in kertier te spyljen gie Vlap yn duel mei Rodriguez. De ferdigener fan Fortuna makke de fout op Vlap en krige dêrfoar syn twadde giele kaart. Ek lei skiedsrjochter Van Boekel de bal op de stip. Sam Lammers koe de strafskop binnen sjitte foar de foarsprong.

Fortuna Sittard moast no yn de efterfolging. Ynfaller Hutten wie yn in hektyske slotfaze tichteby de 3-3, mar hy rekke de bal ferkeard. Yn de counter wie it dêrnei oan de oare kant wol raak doe't Vlap Lammers allinnich foar de keeper sette. De spits makke syn twadde fan de wedstriid en beslikke dêrmei de wedstriid.

Yn de 88e minút like Fortuna noch in strafskop te krijen nei in oertreding fan Høegh op Novakovich. Op advys fan de VAR seach Van Boekel de situaasje in pear kear werom. Uteinlik konkludearre de skiedsrjochter dat it gjin penalty wie.

Fortuna Sittard - SC Hearrenfean 2-4 (2-1) 8. Lazaros Lamprou 1-0, 31. Mark Diemers 2-0, 45+1. Daniel Høegh 2-1, Mitchell Van Bergen 2-2, 74. Sam Lammers 2-3 (strafskop), 83. Sam Lammers

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Hornkamp, Høegh, Pierie, Woudenberg; Kobayashi, Rienstra (90+4/Thorsby), Vlap; Van Bergen (71/Mihajlovic), Lammers, Johnsen (85/Van Amersfoort)

(advertinsje)
(advertinsje)