Petysje foar behâld trainingsfjild foar hûnen yn De Tynje

De hûnesportferieningen De Doordouwers yn De Tynje en De Vluchtsprong yn Jobbegea ha in petysje opsteld foar behâld fan harren trainingsfjild oan de Hanebuert yn Tynje. De provinsje is neffens de ferienings fan plan de grûn te ferkeapjen as lânbougrûn.
© Pixabay
Dat is dan foar in priis dy't de hûneferieningen net betelje kinne, sizze se. It soe dan de ein fan de klup betsjutte, want oare fjilden binne der neffens harren net. Dêrom ha se no in petysje opsteld.
De hantekens sille foar de steateferkiezingen fan 20 maart oanbean wurde oan Provinsjale Steaten. De beide hûneklups fine dat de gemeente Opsterlân en de provinsje al jierren neat dien ha om harren te helpen.
Boppedat binne se der klear mei dat der hieltyd sa'n ûnwissigens is oer it terrein. De kantine moat opknapt wurde en der kin gjin nij materiaal oanskaft wurde omdat de takomst ûnwis is.