Judoka Sanne Vermeer ferliest striid om brûns yn Düsseldorf

23 feb 2019 - 19:26

Sanne Vermeer hat de striid om it brûns ferlern by de Grand Slam yn Düsseldorf. De judoka út Stiens ferlear troch in hâldgreep fan Masako Doi út Japan.

Foto: orange-pictures.nl

Yn de klasse oant 63 kilogram kaam Vermeer troch winst op Alexia Castilhos út Brazilië en Maylin Del Toro Carvajal fan Cuba yn de kwartfinale. Dêryn wie Lubjana Piovesana út Grut-Brittannië te sterk.

Yn de werkânsing kaam Vermeer sterk werom yn it toernoai. Se wûn mei in ferwurging fan de Italiaanske Nadia Simeoli. Spitigernôch koe se it dêrnei net oprêde tsjin Doi.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer
(advertinsje)
(advertinsje)