Danny Noppert smyt njoggendarter yn Players Championship

23 feb 2019 - 18:48

Danny Noppert fan De Jouwer hat by it fiifde toernoai om it Players Championship in njoggendarter smiten. Yn it Ingelske Barnsley hie Noppert yn de heale finale tsjin Gabriel Clemens it lytst mooglik oantal beurten nedich om 501 punten út te goaien.

Nettsjinsteande de njoggendarter ferlear Noppert de wedstriid. Clemens wie mei 7-5 te sterk foar de Jouster darter. It toernoai waard úteinlik wûn troch Gerwyn Price út Wales, dy't yn de finale mei 8-4 de baas wie oer Clemens.

By in njoggendarter wurdt in leg, wêrby't spilers fan 501 punten sa gau mooglik op 0 punten komme moatte, yn it lytst mooglik oantal beurten útsmiten.

(advertinsje)
(advertinsje)