Kuiertocht om net trochgean sânwinning te fieren

23 feb 2019 - 18:32

Midden yn de natuer is sneontemiddei mei in kuier fiert dat der foarearst gjin sânwinning komt yn de Iselmar. Der kamen sa'n 50 minsken ôf op de troch Water Natuurlijk organisearre tocht tusken Aldemardum en it Murnzer Klif.

Underweis fertelde natuergids Marten Wesselius oer de bysûndere natuer en it ûntstean fan it lânskip. De gemeenteried fan De Fryske Marren stimde koartlyn tsjin de plannen foar in yndustriële sânwinning foar de kust nei in breed ferset út de streek en troch natuerorganisaasjes.

Protestbuorden by de dyk

Oeral yn de streek steane de protestbuorden noch by de dyk. Allinnich in oanwizing troch de minister fan Ferkear en Wettersteat of in útspraak fan de Ried fan Steat kinne der noch foar soargje dat de plannen dochs noch trochgean. Mar Wesselius rekkenet der eins op dat it foarby is mei de sânwinning yn de Iselmar op dit plak noch foar it begûn is.

(advertinsje)
(advertinsje)