Letitia de Jong trettjinde nei earste dei WK Sprint

23 feb 2019 - 17:44

Letitia de Jong stiet trettjinde yn it algemien klassemint nei de earste dei fan it WK Sprint op Thialf. Op de 500 meter waard se fjirtjinde mei in tiid fan 38,45. Op de 1000 meter wie der in trettjinde plak nei in tiid fan 1.16,39. Nao Kodaira út Japan hat de lieding, Sanneke de Neeling, dy't by it Gewest Fryslân sit, stiet ferrassend sânde.

Foto: orange-pictures.nl

De 500 meter waard yn 37,27 wûn troch Kodaira. Dêrmei wie se krekt wat rapper as Vanessa Herzog út Eastenryk (37,31). Angelina Golikova út Ruslân wie mei 37,49 tredde.

Sanneke de Neeling waard tsiende mei in persoanlik rekôr fan 38,09 en wie dêrmei de bêste Nederlânske. Letitia de Jong, dy't graach top tsien ride wol dit wykein, wie fjirtjinde (38,45), Nederlânsk kampioen Jutta Leerdam waard teloarstellend sechstjinde (38,58).

Foto: orange-pictures.nl

1000 meter

Brittany Bowe út Amearika wûn de 1000 meter yn in tiid fan 1.14,60. Dêrmei wie se rapper as Miho Takagi út Japan (1.14,82) en Darja Katsjanova út Ruslân (1.14,94). Sanneke de Neeling wie op it fiifde plak wer de bêste Nederlânske dielnimmer (1.15,08), krekt foar nûmer seis Jutta Leerdam (1.15,31). Letitita de Jong waard teloarstellend fjirtjinde yn 1.16,39.

Algemien klassemint WK Sprint nei dei 1:

1. Nao Kodaira

2. Miho Takagi

3. Brittany Bowe

7. Sanneke de Neeling

11. Jutta Leerdam

13. Letitita de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)