Cambuur presintearret Rose
Yuri Rose (33) is freedtemiddei presintearre as nije middenfjilder fan Cambuur. Hy komt fan De Graafschap en hat in kontrakt tekene foar twa jier. Rose hat in soad ervaring yn 'e earedivyzje by klups as Heracles, SC Hearrenfean en Sparta.
De middenfjilder wurdt sjoen as de nije lieder fan it team. Yuri Rose hat al ûnderfining mei de Ljouwerter fuotbalklup.