Boek oer keunstner Sjoerd de Vries

09 nov 2011 - 20:55

Yn museum Belvédère yn Oranjewâld is woansdei in boek presintearre oer de Fryske keunstner Sjoerd de Vries. It boek is skreaun troch Willem Winters, dy't jierrenlang befreone wie mei de keunstner.

It boek waard presintearre op de jierdei fan De Vries, hy waard 70 jier. Fyftich jier dêrfan is er al oan it wurk as keunstner.

Yn it boek fan Winters is ynformaasje te finen oer it wurk fan Sjoerd de Vries, mar it jout ek in byld fan de keunstner sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)