ONS Snits kânsleas ûnderút tsjin Hoek

23 feb 2019 - 17:01

ONS Snits hat sneon kânsleas ferlern fan Hoek. De ploech út Seelân wie yn Snits mei 5-1 fiersten te sterk foar de thúsploech. Al nei tweintich minuten stie it 3-0 foar de besikers. Hoek pakte dêrmei de titel yn de twadde perioade.

Foto: orange-pictures.nl

Hoek is de nûmer trije fan de tredde difyzje, ONS stiet trettjinde. Wa tocht hie dat Hoek nei in busreis fan 312 kilometer út Seelân wei net skerp oan de wedstriid begjinne soe, kaam fan in kâlde merke thús. Yn de earste minút makke Kyle Doesburg der 1-0 foar Hoek fan.

Efkes letter mocht dyselde Doesburg in penalty nimme en wie it al 2-0. Nei tweintich minuten wie de wedstriid definityf dien doe't Hoek der ek noch 3-0 fan makke. Rik Impens skoarde prachtich mei in stiftbal.

Hoek fuotballet wedstriid út

Yn de twadde helte makke Tom Arissen de 3-1, mar twa minuten stie it alwer 4-1 foar Hoek troch in eigen goal fan Serge Fatima. Gianni Tiebosch makke der noch 5-1 fan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)