Harkemase Boys kin net stunte by Quick Boys en ferliest

Harkemase Boys hat yn Katwijk net foar in ferrassing soarge tsjin Quick Boys. De thúsploech wie mei 4-1 te sterk foar de Harkiten. By it skoft wie it 1-0, mar yn de twadde helte rûn de thúsploech fuort by de ploech fan trainer Tieme Klompe.
© orange-pictures.nl
De earste grutte kâns yn de wedstriid wie foar de thúsploech. Keeper Erick Jansema koe mei in knappe rêding foarkomme dat Jesse van Nieuwkerk de 1-0 makke. Ek dêrnei hie Quick Boys it bettere fan it spul. Troch betiid druk te setten kaam de ploech út Harkema net oan goed fuotbal ta.
Efkes letter koe Jansema opnij rêding bringe, dizze kear op in skot fan Chima Bosman.

Penalty foar Quick Boys

Harkemase Boys waard dêrnei better en koe gefaar stichte troch Mark Bruintjens, mar hy knalde in frije trap op de latte. Nei in heal oere krige Quick Boys in penalty. Joris Voest makke in oertreding op Jesse van Nieuwkerk en krige dêr in giele kaart foar. Cem Sahin makke der fan alve meter 1-0 fan. Dat wie ek de stân by it skoft.
Harkemase Boys gie yn de twadde helte op jacht nei de lykmakker. Keeper Paul van der Helm van Quick Boys krige it drok, mar koe syn doel skjin hâlde. Nei in oere ferdûbele Quick Boys de foarsprong. Spits Dennis Kaars makke der op oanjaan fan Jesse van Nieuwkerk 2-0 fan.

Quick Boys rint fuort

Fjouwer minuten letter wie de wedstriid dien doe't it 3-0 waard troch Raymond Baten. Harkemase Boys besocht it dêrnei noch wol, mar mear as in earetreffer fan Jochem van Putten siet der net mear yn foar de Harkiten. Marc de Kruijs sette úteinlik de einstân op it boerd.