Fryske bedriuwen litte harren sjen op SVR beurs Grins

23 feb 2019 - 15:17

Yn Grins wurdt sneon de SVR-fakânsjebeurs hâlden. De Stichting Vrije Recreatie wol fansels dat de fakânsjegongers kieze foar lytsskalich kampearje. Yn Martini Plaza wurde sa'n tsientûzen besikers ferwachte. Der binne 350 stands mei boeren en boerinnen út it binnen- en bûtenlân.

Foto: GoogleMaps

Ien fan dy bedriuwen is camping It Kroese Beamke út Bakkefean. Se ha 65 campingplakken en in groepsakkommodaasje. Foar de Bakkefeanster camping is it fan grut belang om op sa'n beurs te stean. Se bouwe sa kontakten op en kinne folop materiaal oer de camping útdiele.

Lina Dekker fan camping It Kroes Beamke út Bakkefean

Nettsjinsteande dat fakânsjegongers hieltyd wat lúkser op fakânsje wolle giet it ek altyd noch goed mei de lytsskalige campings neffens Lina Dekker fan It Kroese Beamke. It bliuwt neffens har altyd dreech om te mjitten wat in beurs opsmyt.

Op 1 april giet it campingseizoen wer iepen. Oft it wer sa'n moaie simmer opsmyt as foarich jier is fansels wol de fraach.

(advertinsje)
(advertinsje)