Gjin finale yn Marseille foar Sander Arends

23 feb 2019 - 14:51

Tennisser Sander Arends is der net yn slagge de finale te berikken fan it ATP-toernoai fan Marseille. Yn de Súd-Frânske stêd gie hy, tegearre mei syn maat Tristan-Samuel Weissborn, yn de heale finale mei 6-3 7-5 ûnderút.

Foto: www.orange-pictures.nl

It ferskil yn de earste set wie tige lyts. Beide koppels ha in goeie opslach en dat wie te fernimmen. Arends en Weissborn krigen gjin inkeld breakpoint. Omt de Frânsen oan ien breakpoint genôch hiene om it ferskil te meitsjen, pakten sy de earste set (6-3).

Kânsen op winst yn de twadde set

Yn de twadde set hiene Arends en Weissborn op 4-5 de kâns om hielendal werom te kommen yn de wedstriid. Op de opslach fan Chardy waard it 15-40. Spitigernôch krige it Frysk-Eastenrykse duo it net foar inoar om de break, en dêrmei de set, te pakken.

Chardy en Martin kamen gelyk, en drukten troch. Twa games letter wie it nei in dik oere tennis dien foar Arends en Weissborn.

Wer yn de top-100 fan de wrâldranglist

Mei it plak yn de heale finale fertsjinje Arends en Weissborn 10.500 euro as duo. Ek krije se elk 90 punten foar de wrâldranglist, wêrop Sander Arends nei dizze wike fan plak 106 nei plak 97 giet.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)