Primeur mei reade loper by it Lichtpunt
Opfang- en moetingsplak it Lichtpunt yn Kollumersweach smyt sneon foar de earste kear yn it bestean de reade loper út. Ut alle hoeken en ôfdielingen fan de loads rint guod letterlik en figuerlik oer de reade loper.
Primeur mei reade loper by it Lichtpunt
Modellen toane net allinnich klean mar ek lampen, berneweinen, boartersguod, skilderijen en keunst sille oer de loper gean. Der wie sneontemoarn al betiid filefoarming yn Kollumersweach. Der wurde oer de hiele dei sa'n 3000 minsken ferwachte.
It Lichtpunt is foaral bedoeld foar minsken dy't net safolle jild om hannen ha. Sa waard op de reade loper in troupak oanbean foar tweintich euro, wylst sa'n pak nij wol tûzen euro kostje kin. En neffens in meiwurker fan It Lichtpunt is it pak noch sa goed as nij.
In grutte ferkeap as sneon wurdt twa kear yn it jier hâlden. It eksperimint mei de moadeshow hat de meiwurkers fan it Lichtpunt goed foldien.