Monumintale pleats yn Spangea fersakket net fierder, mar skea is grut

23 feb 2019 - 14:30

De monumintale pleats fan de famylje Dekker yn Spangea fersakket net fierder, mar de skea is der likegoed. De ekstreem drûge simmer fan foarich jier soarge foar skuorren yn de muorren en fersakkingen. De situaasje liket no stabilisearre.

Neffens it Kenniscentrum Aanpak Funderingsproblematiek rinne ien miljoen huzen yn ús lân risiko troch de lege grûnwetterstân. Pieter Dekker yn Spangea pleitet foar it ferheegjen fan dy wetterstân, al seit er dat der ek rekken hâlden wurde moat mei de boeren. Dy hawwe belang by in lege wetterstân.

Pieter Dekker út Spangea

(advertinsje)
(advertinsje)