Skoubrêge by Jeltesleat iepene

29 jun 2012 - 17:06

By it Jeltesleat-akwadukt by De Hommerts is in brêge iepene. Dy giet net oer de sleat, mar by it swimplak del dat ûntstien is troch de oanlis fan it akwadukt. It is in kombinaasje fan brêge en teater, want yn 'e midden is in poadium.

It doel is dat bewenners fan De Hommerts en Jutryp inoar dêr moetsje kinne. Lykas dat ek it gefal wie, doe't der noch in brêge oer de Jeltesleat wie. Deputearre Jannewietske de Vries en bern fan de Van Haersma Bumaskoalle iepenen de brêge mei in liet en in plons yn it wetter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)