Bruorren De Vries op fiifde en sechde plak yn Luleå, Kleibeuker wurdt twadde

23 feb 2019 - 13:46

Maratonrider Bart de Vries fan It Hearrenfean is sneon fiifde wurden by de Grand Prix 5 yn it Sweedske Luleå. Hy wie dêrmei de bêste Fries. Syn broer Bob út Haule waard sechde. Sjoerd den Hertog wûn de wedstriid, folge troch Robert Post op it twadde plak en Mart Bruggink as tredde. Lieder yn it klassemint bliuwt Crispijn Ariëns.

Bob de Vries - Foto: Neeke Smit

By de froulju wie Carien Kleibeuker, wenjend op It Hearrenfean, mei in twadde plak de bêste út Fryslân. Se moast yn de sprint belies jaan op Lisa van der Geest. Tredde waard Pien Keulstra. Oare Fryske reedrydsters by de earste fiif wiene Ankie Ytsma (4) en Carla Ketellapper (5). Ketellapper bliuwt oan kop yn it klassemint.

Snein is de finale fan de Grand Prix.

Foto: Neeke Smit
(Advertinsje)
(Advertinsje)