Liphúster bedriuw iverich op syk nei skieppehoeder foar keppel by Sumar

23 feb 2019 - 13:11

Wa wol it net, lekker de hiele dei yn de natuer wêze en dan ek noch tusken de bisten? Dochs is it dreech foar it bedriuw By de Hân út Lippenhuzen om in skieppehoeder te finen foar in keppel skiep yn de buert fan Sumar.

In skiep - Foto: Shutterstock.com

Eigener Martin Reitsma fan By de Hân

It bedriuw hat 1200 skiep yn fjouwer gemeenten yn de provinsje omrinnen. In pear wike lyn hat it in fakatuere pleatst fia ferskate kanalen, sa as op de eigen Facebookpagina. Oant no ta hat dat mar in pear reaksjes opsmiten en dy komme fan bûten Fryslân, bygelyks Amsterdam. Mar dan duorret it te lang om op 'e tiid by de skiep te kommen as der wat oan de hân is.

By de Hân siket in persoan dy't fansels wat mei bisten hat, dy't sosjaal is en goed mei in hûn omgean kin. Ek frijwilligers kinne har oanmelde om in bydrage te leverjen. In soad tiid is der net mear, want it seizoen komt der oan. Fan 1 april ôf kinne de skiep wer yn de gemeenten rinne.

(advertinsje)