Dunen wurde wer stowend makke op Skylge

23 feb 2019 - 11:55

Op Skylge wurdt dizze dagen hurd wurke om de dunen wer stowend te krijen. Dizze yngreep is nedich, omdat der te folle stikstof yn 'e lucht sit. Dêrtroch krije guon planten de oerhân. It weidzjen fan fee wurdt ek regelmjittich brûkt om dat tsjin te gean.

Dunen stowend meitsje op Skylge

De boppeste laach mei benammen helmgers wurdt masinaal fuorthelle, wêrnei't it sân derûnder sa bewurke wurdt dat it wer meinaam wurde kin troch de wyn. Dat is wichtich omdat it hawwen fan it kalkrike sân in betingst is foar de floara dy't op de Waadeilannen thúsheart.

Ferslachjouwer Remco de Vries wie by de wurksumheden yn de dunen

Dêr komme dan ek wer hiel spesjale ynsekten op ôf. Kninen hâlde ek fan sânferstowingen en kninehoalen binne wer goed foar de berchein en de heidehipper, dy't dêr harren nêsten yn hawwe. Sa hat alles mei-inoar te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De oannimmer dy't it probleem no ûnder tafersjoch fan Staatsbosbeheer grutskalich oanpakt, is aktyf op trije plakken: by peal fiif en seis, by it Arjensdún en by Formearum oan See. En it gebeurt net allinnich op Skylge, ek op Skiermûntseach is Natuurmonumenten dermei dwaande.

(Advertinsje)
(Advertinsje)