Frijwilligers helje mear as twa ton guod fan Amelanner strân

Mear as 2000 kilo guod is de ôfrûne wike opromme op it strân fan It Amelân. In grutte groep frijwilligers hat dizze fakânsjewike op it eilân dwaande west mei skjinmakaksjes. Dat hat fansels alles te krijen mei it guod dat noch altyd oanspielt as gefolch fan de kontenerramp mei de MSC Zoe, begjin jannewaris.
© De Vries Media
Foarsitter Pieter-Jan Borsch fan de Amelanner Juttersferiening
Sa'n fyftich minsken ekstra ha dizze wike meiholpen. Dy komme alle jierren nei it eilân ta yn it ramt fan in spesjale miljeuwike. Mar dit jier hiene se it dus ekstra drok opromjen. De gemeente hat oer it hiele strân ek grutte bakken delset, dêr't minsken de rommel yn kwyt kinne.

Foarkant fan in auto

Foarsitter Pieter-Jan Borsch fan de Amelanner Juttersferiening fertelt dat der fan alles oantroffen wurdt: "Auto-onderdelen en textiel. Een heleboel verschillende soorten textiel: T-shirtjes, bodywarmers, leggings. Allemaal wasmachineonderdelen. We hadden een compleet front van een Hyundai-auto, met bumper en alles erbij, en achterlichten van een Mercedes. Dus je wilt niet weten wat er allemaal in zee drijft. En dan natuurlijk nog andere rotzooi, want er komen ook nog wel plastic zakjes aan. Alles is verpakt geweest, maar die verpakking is erom weg en drijft los, en komt dus ook los aan.
Neffens Borsch lei de floedstripe alle dagen fol mei guod. Dat hat foaral ek mei de wyn te krijen, dy't no wat eastlik is en letter súdlik wurdt. Dêrtroch kinne der mei de ûnderstream ek wer allegear saken op it strân oanspiele, seit Borsch.

Net brûkber

Hast al it guod wat no oanspielt, is eins net mear te brûken, omdat it troch it seewetter en sân oantaast is. Neffens Borsch is it tekstyl sa tin, "daar kun je de krant doorheen lezen". De lêste dagen spiele der ek barkrukken oan mei leuninkjes, dêr't de minsken noch wol wat mei kinne. "Daar kan je nog op zitten."
Borsch tinkt dat it oanspielen fan guod noch wol twa jier duorje sil.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.