Kollum: "Poerrazend lilk op alles!"

23 feb 2019 - 08:36

"It liket dat we tsjintwurdich oeral lilk om binne. We binne lilk op Trump, Putin, we binne lilk op de automobilist dy't yn ús eagen krekt in tel as wat te lang links riden bliuwt. De sosjale media binne in ideaal poadium om lilk te wêzen. Je kinne sûnder de rem derop lilk wêze op alles en elkenien. Je kinne sûnder arguminten in fuotbalklup de grûn ynboarje, jo kinne lekker los gean op boeren en harren krewearjen om jo en my fan iten te foarsjen. Want fansels witte jo folle better hoe't dat moatte soe en is gjin inkelde wize ferkeard om dêr utering oan te jaan.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Dus brek mar yn by dy boeren, lit harren mei soarch fersoarge bisten los, bekladzje harren hûs mei de meast freeslike teksten as se krekt folop yn de ellinde sitte, omdat harren breawinning yn de brân stien hat. Set it op Facebook, Twitter en oare ôffalkanalen en jo krije grif in oantal likes, wêrtroch't jo ek noch it idee krije dat jo it by it rjochte ein ha. Lekker gefoel fan: ik ha gelyk, want sjoch mar, der binne trollen dy't my mei ien mûsklik dat gelyk jouwe.

Tritich jier lyn wienen minsken ek al lilk. Allinnich kaam it doe net op in persoanlik en anonym skerm, mei mooglik makke troch KPN, T-Mobile of Vodafone. Lilk wêze is fan alle tiden. Ek it lilk wêzen op boeren. Op boeren dy't it yn dizze tiid sels yn de eagen fan de ultra ekstremisten fan de Partij van de Dieren geweldich dienen. Boeren lykas myn heit en mem, bygelyks. Dy buorken mei Frysk readbûnt fee, 35 kij op 25 bunder lân. Sa ekstinsyf as it mar kin. Rûge dong, tinne jarre. Ja, wy hienen alle soarten greidefûgels, de foks en swarte krieën waarden bejage en stienmurden wienen der ek net, omdat dy de aaien en jonge fûgels opfrieten.

As wy de kij troch de bosk nei de stâl hellen, moast it fytspaad even mei hikken ôfsletten wurde. De measte minsken stienen mei aardichheid nei de stoet te sjen, mar ik ha ek meimakke dat der hurdfytsers mei in oerskot oan testosteron net trije minuten wachtsje koenen en de hikke iependienen ûnder it ferwinskjen fan dy rotboer mei syn kutkij. We moasten dus dy hikke tenei mei in slot tichtdwaan. Dat smiet ek wer argewaasje op. As je de reden fan it slot fertelden, snapten guon it, oaren snúfden mispriizgjend. Lilk.

Ik moat trouwens weromkomme fan de stelling dat de ultra-ekstremisten fan de PvdD ús grif in foarbyld fûn hienen fan hoe't it moat, want dy 35 prachtige en skjinne readbûnte kij binne yn de eagen fan de ekstremisten fansels harren libben lang mishannele. Se stienen winterdeis fêst op in Fryske stâl, sorry dat ik dat even ferjitten wie. Dik yn it strie, net mei de poaten yn de stront, mar dochs grif net neffens Partij foar de Dieren-rjochtlinen. Ik tink trouwens net dat frou Thieme en co ea in Fryske stâl yn de winter besocht ha, mar dat docht der net ta yn de waanbylden fan de ekstremisten. Drammers is neffens de polityk kompleet mislearre Diederik Samsom ferwurden ta in Geuzennamme, dus wie doet je wat.

Yn de film The hunt for Red October rint in Russyske ûnderseeboatkaptein mei syn moderne skip oer nei de Amerikanen. Op de fraach wat er sa al mist hat yn syn hektyske libben seit er: 'Ik mis de rêst fan fiskjen.' Gewoan even oan de kant fan it wetter nei de punt fan je dobberke sitte te stoareagjen. Ik wit ek noch hiel goed hoe noflik dat wêze kin. In moaie iere jûn lâns it kanaal tusken De Knipe en de Prinsewyk, dat no ûnder museum Belvedêre trochrint. Angeltsje mei, wjirmke oan de heak en it útsjoch op it moaiste libbene skilderij dat der wie, 35 rêstich weidzjende readbûnte kij yn blomryk lân.

Ik besef dat ik my de lilkens fan de Partij voor de Dieren my op de hals helje mei dat wjirmke, lokkich bestie dy klup yn myn jeugd noch net. Dy moaie oerkes yn de Oranjewâldster krite pakke se my nea wer ôf. Miskien is op terapeutyske basis fiskjen tsjin lilkens wol in goed idee. It kin wol sûnder wjirmke, om my ek sûnder heak. Mar wol mei in dobberke. Om nei te stoareagjen, ynstee fan nei in skerm fol mei pulp."

(Advertinsje)
(Advertinsje)