Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling op Ruterskertier
De plysje fan Ljouwert hat freedtenacht in 24-jierrige man út de stêd oanhâlden foar mishanneling. Op it Ruterskertier hie de Ljouwerter immen tsjin de holle skopt. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs MCL.
De fertochte moast in blaastest dwaan en dêrút die bliken dat er fierstente folle drank op hie. De plysje docht fierder ûndersyk nei de mishanneling.