Ard de Graaf: "Ik snap de frustratie maximaal"

22 feb 2019 - 23:04

Algemien direkteur Ard de Graaf fan Sportklup Cambuur fûn it in "frustrerende avond". Dêrmei doelt er op sawol de wedstriid as wat deromhinne barde. "De onrust, de penalty, het publiek dat reageert. Iedereen is gefrustreerd. Dit zijn geen leuke momenten."

Ard de Graaf

Wat de konsekwinsjes binne fan it tydlik stillizzen fan de wedstriid kin De Graaf net sizze: "Dat durf ik niet te zeggen. We hebben de wedstrijd uitgespeeld. Er zal een rapport worden gemaakt en verder kan ik er geen zinnig woord over zeggen. Er zal ongetwijfeld een onderzoek komen."

De Graaf hat net sjoen wat der allegear op it fjild smiten is, mar woe de wedstriid wol útspylje. De wedstriid koe pas fierder nei't de speaker it publyk oansprutsen hie. "Ik heb ook niet alles gezien. Het enige wat ik weet is dat we naar binnen zijn gegaan en dat we het publiek tot rust gemaand hebben. Waar mogelijk, want ik snap de frustratie ook maximaal."

Ard de Graaf sprekt de supporters ta - Foto: www.orange-pictures.nl

De Graaf gie sels ek nei it publyk ta om de supporters ta te sprekken. Hy koe se net ferstean, mar der wie in protte frustraasje, sei er. "Over de penalty, de wedstrijd, het vertoonde spel. Daar valt allemaal wat voor te zeggen. Maar op dat moment is er maar één ding belangrijk: dat we die wedstrijd zouden uitspelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)