Judoka Tsjakadoea pakt earste medalje op heechste nivo

22 feb 2019 - 22:41

De Fryske judoka Tornike Tsjakadoea hat op it grandslamtoernoai yn Düsseldorf in brûnzen medalje wûn yn de klasse oant 60 kilogram. Foar de 22-jierrige Tsjakadoea, dy't berne is yn Ljouwert, is it syn earste medalje op it heechste nivo.

Foto: www.orange-pictures.nl

Tsjakadoea koe yn syn tredde gefecht net opbokse tsjin Robert Msjvidobadze út Ruslân, dy't yn 2017 noch Europeesk kampioen waard. Yn de werkânsingen rekkene Tsjakadoea dêrnei ôf mei Luka Mkheidze út Frankryk en dêrom mocht de Ljouwerter stride om brûns.

Yn de lytse finale naam Tsjakadoea it op tsjin Francisco Garrigós út Spanje. Yn de spannende wedstriid kaam Tsjakadoea tsien sekonden foar tiid op it skoareboerd mei in waza-ari. Dat wie genôch foar it brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)