Sealfuotbalsters Drachtster Boys behelje lytse oerwinning

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn in drege oerwinning behelle op TPP út Rotterdam: 1-0. De einstân kaam al nei ien minút op it skoreboerd.
Jessie Prijs (argyffoto) © Tibbesma Fotografie
Nei in lange bal fan Anna Reitsma koe Jessie Prijs de bal yn de goal sjitte. Beide teams wiene dernei noch wol gefaarlik, mar skoard waard der net mear.

Avanti ferliest

Avanti út Stiens hie minder sukses. Sy koene yn in oantreklike wedstriid net op tsjin Os Lusitanos út Amsterdam. Nettsjinsteande dat it yn it begjin fan de wedstriid noch gelykop gie, stie it oan de ein fan de wedstriid dochs in 9-4 stân op it skoareboerd yn it foardiel fan de Amsterdammers.