Dramatyske jûn foar Cambuur: ferlies en wedstriid tydlik stillein

22 feb 2019 - 21:53

Sportklup Cambuur hat freed in dramatyske wedstriid spile. De Ljouwerters ferlearen op eigen fjild mei 3-1 fan leechfleaner FC Dordrecht. It is de sânde thúswedstriid op rige dat Cambuur net wint. Boppedat staakte skiedsrjochter Christian Mulder de wedstriid flak foar tiid tydlik, nei't supporters guod op it fjild smieten by in strafskop fan FC Dordrecht.

It begûn noch sa goed foar de Ljouwerters. Al nei njoggen minuten ferstjoerde Robbert Schilder in djippe balle op spits Sam Hendriks. Dy naam de bal mei wat gelok mei lâns keeper Bryan Janssen. Hendriks lei de bal breed op Tyrone Conraad, dy't de bal yn it lege doel skeat.

Dêrnei gie de earste helte op en del, mei kânskes foar beide ploegen. De grutste wie foar Dordrecht. Jari Schuurman skeat de bal foardel.

Tyrone Conraad nei de 1-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

Stadichoan yn de twadde helte waard Dordrecht hieltyd gefaarliker. Earst smiet dat foar Cambuur-doelman Xavier Mous noch gjin grutte problemen op, mar healwei de twadde helte moast de Belch dochs yn aksje komme. Twa kear op ynsetten fan Jeremy Cijntje.

In lytse tweintich minuten foar tiid wie Mous wol ferslein. Crysencio Summerville wraksele him troch de Cambuur-definsje, hy wie rapper as elkenien en skeat de bal boppedat hurd en sekuer binnen. Mous wie kânsleas: 1-1.

Dêrnei gie Cambuur op syk nei in nije foarsprong. Hendriks koe krekt net ynkoppe, Boerlage skeat krekt neist en Van den Beemt kopte oer.

Yn de slotfaze gie it hielendal ferkeard foar de Ljouwerters. Earst ûntsnapte Cambuur noch oan de 1-2, nei't Summerville yn kânsrike posysje de bal net goed rekke. In minút foar tiid krige Dordrecht lykwols in strafskop, nei in oertreding fan Boerlage.

Daniël Breedijk woe oanlizze foar dy strafskop, mar om't taskôgers by dy goal guod op it fjild smiten, staakte skiedsrjochter Mulder de wedstriid. Nei in skoftke kamen de spilers it fjild wer op en gie Breedijk op 'e nij efter de bal stean, mar wer lei Mulder de wedstriid stil.

Cambuurspilers helje guod fan it fjild - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei't de stadionspeaker in oprop dien hie om gjin guod mear op it fjild te smiten, besocht Breedijk it foar de tredde kear. No koe er de strafskop wol nimme en hy skoarde: 1-2.

Yn de blessueretiid woe Cambuur noch wol jacht meitsje op de gelykmakker, mar it wie Dordrecht dat de grutste kânsen hie. Earst foarkaam Mous in goal fan Simon Power en even letter rekke Renny Smith de latte. Uteinlik foel de 1-3 noch wol. Yn de 96e minút skeat Cijntje raak.

Dy lêste treffer wie foar de statistiken. It wie in dramatyske jûn foar Cambuur. De Ljouwerters, dy't op 2 novimber foar it lêst wûnen yn it eigen stadion, sakje mei it ferlies nei it fyftjinde plak. Boppedat moat de klup freezje foar in straf, om't Mulder de wedstriid stillei.

It is in "zwarte avond", sei Cambuur-trainer René Hake by de parsekonferinsje. "Terecht verloren en zwaar balen. En dat de wedstrijd twee keer wordt stilgelegd, is ook zwaar balen."

SC Cambuur - FC Dordrecht 1-3 (1-0) 10. Tyrone Conraad, 72. Crysencio Summerville 1-1, 90. Daniël Breedijk 1-2 (strafskop), 90+8. Jeremy Cijntje 1-3

Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa; Ciganiks, Schindler (62/Van den Beemt), Boerlage (90/Jones), Maulun; Conraad (71/Bangura), Hendriks

(advertinsje)