Froulju Hearrenfean pakke puntsje op besite by Alkmaar

22 feb 2019 - 21:39

De froulju fan SC Hearrenfean ha freed lyk spile tsjin VV Alkmaar. Yn de kop fan Noard-Hollân waard it 1-1.

Fenna Kalma (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

It wie foar beide klups de twadde wedstriid yn pûl B fan de earedifyzje froulju. Om't beide ploegen har net kwalifisearre hiene foar de kampioenspûl, stride se no mei Excelsior Barendrecht en Achilles'29 om it sechsde plakje.

Fenna Kalma sette de Feanster froulju yn Alkmaar healwei de earste helte op foarsprong. Dat die se op oanjaan fan Suzanne Admiraal. Flak foar it skoft kaam Alkmaar op gelikense hichte: Anne-Fleur Duppen makke de 1-1.

Yn de twadde helte krige Simone Kets fan Alkmaar noch in grutte kâns, mar sy skoarde net. Ek Hearrenfean die dat net en dus moasten beide ploegen it mei ien punt dwaan. Ein desimber wûn Hearrenfean noch mei 7-0 op besite by Alkmaar.

Kwartfinale beker

De earstkommende kompetysjewedstriid foar SC Hearrenfean is op 15 maart, thús tsjin Achilles'29. Dêrfoar, op 9 maart, spylje de Feansters noch yn de kwartfinale fan de beker op besite by FC Twente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)