Famyljefeest Hurdegaryp einiget yn fjochtpartij mei bierflessen

Trije minsken stiene freed foar de rjochter foar belutsenens by in fjochtpartij, nei't in famyljefeest yn Hurdegaryp út de hân rûn wie. Famyljeleden gienen dêrby byinoar op de fûst.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sa soe in 30-jierrige Ljouwerter de heit fan syn freondinne mishannele ha. Dy freondinne hie har heit ek tikken op 'e holle jûn mei in bierflesse, doe't de heit har freon by de kiel hie. De frou waard net feroardiele: neffens de rjochter wie dat needwarekses.

Tomme yn it each

De freon hie syn tomme yn it each fan de skoanheit stutsen. Ek dat wie needwar fûn de rjochter. Omdat syn kiel taknypt waard, moast de freon him wol ferdigenje. Hy krige wol in boete fan 200 euro, om't er syn skoanheit treaun hie.
In broer fan de skoanheit waard ek frijsprutsen. Hy waard beskuldige fan it slaan fan de Ljouwerter, mar dêr wie net genôch bewiis foar.
De freondinne hat gjin kontakt mear mei har famylje, sei se.