Fûle brân fernielt túnhúske

29 jun 2012 - 16:57

In fûle brân hat freedtemiddei in túnhúske yn Hurdegaryp folslein fernield. De brânwacht krige om healwei trijen hinne berjocht dat in hokje by in hûs oan it Hoeksterpaed yn brân stie.

It fjoer wie doe al sa grut dat der neat mear rêden wurde koe. De rookûntwikkeling luts in soad folk nei de brân, safolle dat de plysje de omjouwing omsette moast mei linten om de helptsjinsten de romte te jaan. Der rekke gjinien ferwûne.

(advertinsje)