Glêsfezelstriid Weststellingwerf: Kabelnoord beskuldige fan te hege taslach

Kabelnoord soe yn striid hannelje mei de betingsten dy't de provinsje keppele hat oan de liening fan 35 miljoen euro foar de oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet fan Weststellingwerf. Dat hat konkurrint Glasvezel Buitenaf yn in e-mail witte litten oan de provinsje Fryslân.
© Omrop Fryslân, René Koster
Beide bedriuwen sitte yn in fûle striid om de klanten yn Weststellingwerf. Foar bewenners yn it bûtengebiet, rekkenje de bedriuwen in taslach fan 15 euro. Neffens Glasvezel Buitenaf rekkenet Kabelnoord dêrboppe-op nochris 7 euro en dat mei net. Glasvezel Noord basearret har op ynformaasje dy't op de webside fan Kabelnoord stiet.
"Onze vraag is of dit niet in strijd is met de door de provincie gestelde voorwaarden voor het verstrekken van de lening, die over een maximum toeslag van 15 euro spreekt", skriuwt Glasvezel Buitenaf. Kabelnoord hat noch net reagearre.
De twa bedriuwen sitte al in skoftke yn in stevige konkurrinsjestriid mei-inoar. Se lizze beide in netwurk oan foar har eigen klanten. De striid om dy klanten liket te duorjen oant 4 maart. Dat is de uterste datum dy't Glasvezel Buitenaf hantearret foar minsken om har oan te melden.