WK Sprint: Altyd spektakel, mar diskear mar ien Fryske dielnimmer

IIsstadion Thialf en de reedriderswrâld binne klear foar it WK Sprint, dat sneon úteinset. Der stiet lykwols mar ien Friezinne oan de start: Letitia de Jong fan Feanwâlden. "Top tsien soe hiel moai wêze", seit se.
Petear oer WK Sprint
"We kinne spektakel ferwachtsje", foarseit sportferslachjouwer Andor Faber. "En wat soe it moai wêze as we ek Frysk spektakel te sjen krije. Mar allinnich Letitia de Jong docht mei en sy seit dat in medalje der net yn liket te sitten."
Ek Jan Ykema, dy't sels seis kear meidie oan it WK Sprint, sjocht út nei it toernoai. "Der mei neat misgean. Moatst fjouwer kear in hiel goede ôfstân ride. Dan kinst kampioen wurde. Mar op de lêste ôfstân kin der noch fan alles misgean en dat sit ek yn de holle fan de sprinters."

Mentale spultsje

Dat mentale spultsje is hiel wichtich, seit ek sprinter Jesper Hospes. "Ast de earste dei riden hast en de twadde dei stiet foar de doar, dan relativearrest altyd even: we binne noch mar op de helte. Kinst de earste dei fantastysk ride, mar ast in dei letter in flaterke makkest, dan kinst it toernoai ferspylje."

Noch in stapke meitsje

By de manlju meitsje de Nederlanners kâns op de wrâldtitel, by de froulju liket dat net sa. Dy sitte op it stuit krekt ûnder de wrâldtop. "Se kinne dat stapke noch wol meitsje, tinkt Andor Faber. "It binne noch jonge froulju. Mar it is hiel wichtich dat se by in ploech komme mei in goede sponsor. Dan hoechst dy gjin soargen te meitsjen oer oare saken."
Mar op it stuit is der dus mar ien Friezinne by de Nederlânske top. Dochs is der hoop dat dêr gau feroaring yn komt, seit Andor Faber. "Ofrûne wike waard Femke Kok wrâldkampioen by de junioaren en Michelle de Jong pakte de wrâldtitel op de 1000 meter. Der komme echt toptalinten oan, dy't miskien op de sprint hiel goed wurde kinne."

"It sit yn ús DNA"

Jan Ykema leaut ek dat it wol wer goed komt. "We ha yn Fryslân altyd wol goede sprinters hân", seit er. "Dat sit yn ús DNA. Mar it komt mei flagen."
It WK Sprint wurde sneon 23 en snein 24 febrewaris hâlden op Thialf. Op beide dagen stiet der in 500 meter en in 1000 meter op it programma. Foar Nederlân komme by de froulju Letitia de Jong, Jutta Leerdam en Sanneke de Neeling yn aksje. By de manlju komme Kjeld Nuis, Kai Verbij en Hein Otterspeer yn aksje.
Op de finaledei is ferslachjouwer Andor Faber op Omrop Fryslân radio te hearren mei ferslach fan de ûntknoping fan it wrâldkampioenskip.