Nederlân en België wolle Koloniën van Weldadigheid as Europeesk Erfgoed

22 feb 2019 - 18:43

De Koloniën van Weldadigheid kinne de titel Europeesk Erfgoed krije. Dat hat de ministerried besletten. Nederlân en België drage de koloanjes foar by de Europeeske Kommisje.

Koloniën van Weldadigheid yn Feanhuzen - Foto: ANP

Yn Nederlân binne 5 koloanjes, wêrûnder dy fan Frederiksoard. Dy koloanje lei foar in diel yn Westestellingwerf, by Noardwâlde. Ek yn Feanhuzen, flak oer de provinsjegrins mei Drinte, is in koloanje.

Nederlân en België noch ien

Der binne ek noch twa yn België. De koloanjes binne foarme yn de tiid dat Belgie en Nederlân noch ien lân wiene. Dêrom wurdt de foardracht mei België yntsjinne. De Europeeske Kommisje sil oan de ein fan it jier beslute oer de nominaasje.

De Koloniën binne yn 1818 opsetten troch de Maatschappij van Weldadigheid mei de bedoeling om earme boargers oan it wurk te helpen. Sy diene swier wurk op it lân. It wie foar it earst dat op grutte skaal wat dien waard om it libben fan earmen en dakleazen te ferbetterjen.

Europeesk Erfgoedlabel

It Europeesk Erfgoedlabel is in inisjatyf fan de Europeeske Uny en wiist lokaasjes oan dy't in belangrike rol spile ha yn Europa en it ta stân kommen fan de Europeeske Uny. It label jout in byld fan de mienskiplike skiednis en kultuer fan Europa en wol dêrmei bydrage oan de dialooch tusken de Europeeske Uny en har boargers. De keazen lokaasjes moatte harren benammen ynspanne foar edukative aktiviteiten foar jongerein.

Yn Nederlân ha op it stuit it Fredespaleis, Westerbork en it Ferdrach fan Maastricht it label.

(Advertinsje)
(Advertinsje)