CDA Fryslân wol finansjele tafaller brûke foar sinneparken

22 feb 2019 - 17:49

Provinsjaal listlûker Sander de Rouwe fan it CDA wol de tafaller fan netbehearder Alliander brûke foar in bettere oansluting fan de Fryske sinneparken. Earder dizze wike sei topfrou Ingrid Thijssen fan Alliander dat it Fryske elektrisiteitsnet "te tin" is en de grutskalige oergong nei duorsume enerzjy behinderet.

FH K +K CDA

It ôfrûne jier waard dúdlik dat plannen foar sinne-enerzjy op ferskate plakken yn Fryslân yn de problemen drigen te kommen, omdat der gjin goede ynfrastruktuer foar de enerzjy is. Dat wie ûnder oare sa by de ferdielstasjons yn Bûtenpost, Easterwâlde en Holwert.

Op dy plakken kin it elektrisiteitsnet de levering fan de opwekte duorsume enerzjy net oan. De kapasiteit is te leech. Dêrom moatte de netten en de ynstallaasjes útwreide wurde.

Winst heger as ferwachte

De provinsje is grutoandielhâlder fan Alliander en rekkene op in dividintbydrage fan 12 miljoen. Omdat de winst fan Alliander heger útfoel as ferwachte, wie der lykwols in tafaller. Dêrom ûntfangt de provinsje goed 18 miljoen. As it oan it CDA leit, wurdt dat jild no dus brûkt foar in flugger en sterker elektrisiteitsnet yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)