150e bertedei Freule Clara Jacoba: "Se hat hiel wat ynfloed hân yn Wommels"

22 feb 2019 - 17:42

It is de 150e bertedei fan Freule Clara Jacoba baronesse De Vos van Steenwijk. Se is de oprjochtster fan de ferneamde keatspartij yn Wommels. Ald-foarsitter Tinus van der Velde stiet stil by dizze dei: "Se hat hiel wat ynfloed hân yn Wommels."

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

"It wie in meilibjend, sosjaal minske", fertelt Van der Velde oer de freule. "Yn de tiid dat se hjir operearre, begjin 1900, wie der in soad earmoede. Sy fielde har ta de keatssport oanlutsen, mar se hat ek mear ta stân brocht. De wenningbou wie ridlik earmoedich. Sy hat hjir trije blokken fan fjouwer wentsjes delsette litten, flakby it keatsfjild."

"It wie in frou mei in brede belangstelling. De doetiidske foarsitter hold har ek altyd noch op de hichte fan de útslaggen, oant op hege leeftiid." Uteinlik ferstoar de freule yn 1960.

Tinus van der Velde oer de freule

Foto: Omrop Fryslân

Noch alle jierren krije de winners fan de Freulepartij in byldsje fan de filla fan de freule as priis. En de partij hat noch hieltyd in protte útstrieling, seit Van der Velde. "It wurdt organisearre troch in hiel soad minsken, allegear frijwilligers. En sûnt in pear jier is der in aparte stichting, los fan de keatsferiening. Dat rint hiel goed."

Van der Velde, dy't begjin dizze iuw seis jier lang foarsitter wie fan de partij, hat noch hiel wat meimakke yn dy perioade. "Foaral in hiel soad wetter. Earst yn 2001, doe't Wommels wûn. We giene troch it doarp mei muzyk, mar doe kaam der in dikke tongerbui. De majoretten fleagen op de Van Sminialeane alle kanten út."

De krêft fan it doarp

In jier letter wie it noch slimmer mei it reinwetter. "Op de dei foar de Freule hiene we earst tritich milimeter wetter. De jûns noch in kear. Alles wie yn ûnstjoer: minsken kamen mei wetterstofsûgers, we ha pript yn it lân. We koene de oare dei keatse, mar dy middei foel der wer in bui. Wer tritich milimeter. Doe ha we it ôfsein en binne we in dei letter fierder gien, mei de lêste acht partoeren."

"Dan sjochst de krêft fan it doarp: de hiele tribune wie troch de frijwilligers op it fuotbalfjild wer yninoar setten. Dat bliuwt je by. Dat heart by it histoaryske barren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)