IIsfontein Dokkum lang om let iepene

22 feb 2019 - 17:17

De lêste fan de 11 Fryske fonteinen is freed lang om let iepene. De iisfontein yn Dokkum, fan de Nederlânske keunstner Birthe Leemeijer, moat in ferbylding foarstelle fan in iisskots yn de Waadsee. It is in koperen wurk dat bedekt wurdt mei in iislaach. Hy moat sawol yn de winter as yn de simmer iis produsearje.

Neffens Birthe Leemeijer moat it ek it langstme nei in kâlde winter mei iis útbyldzje, dy't troch de klimaatferoarings hieltyd minder faak foarkomt. De iisfontein is elke dei wer oars. "Het weer is van grote invloed. Door de wind kan de ijslaag er anders uitzien. Het is nu vochtig weer, waardoor er witte stukjes sneeuw op de fontein verschijnen."

De iisfontein yn Dokkum hat fertraging oprûn, om't it in technysk yngewikkeld projekt is. Boppedat moat it produsearjen fan it iis enerzjyneutraal barre. Dat bart mei enerzjy dy't opwekke wurdt troch sa'n hûndert sinnepanielen op it dak fan it gemeentehûs.

Hegere kosten

De iisfontein is in stik djoerder útfallen. Hy kostet yn totaal sa'n 700.000 euro, de ferwachting wie 470.000 euro. Hy is dus mar leafst 230.000 euro djoerder, en is hjirmei de djoerste fan alle fonteinen. De totale kosten fan alle alve fonteinen binne ek heger: dy falle 500.000 euro heger út. Sawat de helte fan dy ekstra kosten binne dus foar rekken fan de iisfontein.

De provinsje is de lûker fan it projekt en lit witte dat de gemeenten mei inoar foar de ekstra kosten opdraaie moatte. De provinsje is noch yn oerlis mei de belutsen gemeenten hoe't se dit ferdiele sille.

Keunstner Birthe Leemeijer

(advertinsje)
(advertinsje)