Ald-finer ferwachtet no noch gjin earste ljipaai: "Dagen te koart en lân te drûch"

22 feb 2019 - 16:37

It is bûtendoar mear maitiid as winter. Guon fûgelkenners tinke dêrom dat it earste ljipaai mooglik al dit wykein fûn wurdt. Mar aaisyk-feteraan Jinke Kuperus fan Wurdum makket har noch net drok: "Want de dagen binne noch te koart en it lân is te drûch."

Jinke Kuperus ferwachtet noch gjin earste ljipaai: "De dagen binne te koart en it lân is te drûch"

"Ik hear ek noch gjin ljip", seit Kuperus. "Ja, sa út en troch in inkelde strânljip, mar gjin ljippen. We moatte earst wat reinwetter krije, dan kin it wolris oangean."

Dat BFVW-foarsitter Algra foarsei dat it earste ljipaai mooglik op freed 21 febrewaris lein wurdt, makket op har gjin inkelde yndruk. "Algra docht goed syn bêst as foarsitter, mar is sels net in echte aaisiker."

Aaisiker Jinke Kuperus fan Wurdum

Foto: Omrop Fryslân

Jinke Kuperus hat sels in soad ûnderfining. Yn 1981 fûn se it earste ljipaai fan Fryslân en krige se de sulveren ljip út hannen fan kommissaris fan de Keninginne Hedzer Rypstra. De natuer hâldt se elts jier alle dagen skerp yn de gaten. De einen binne krekt úteinset mei it lizzen fan aaien. De ljip is yn 'e regel ien oant twa wike letter. "Healwei nije wike, ein nije wike kin it samar sa fier wêze, mar no noch net."

Mâl mei greidefûgels

Frou Kuperus makket der gjin geheim fan dat se mâl is mei greidefûgels: de wynwizer op it hûs is in ljip, op de brievebus stiet in ljip en yn 'e hûs hat se in grutte kast fol mei lytse ljipkes, âlde útblaasde ljipaaien en allerhande snypsnaren dy't mei it aaisykjen te krijen hawwe.

Mar de leafde foar de fûgels giet folle fierder as de ljip. Einen yn in kampke lân njonken it hûs wurde ek leafdefol fersoarge. De einekuorren dêr't de wetterfûgels de aaien yn lizze makket se sels.

Net mear op jacht

Op jacht nei it earste ljipaai, lykas yn 1981, is frou Kuperus net mear. "Sa hiel hurd rin ik net mear. Mar as it ienkear sa fier is, dan moat ik even it lân yn. Ik hoech allinnich mar it nêst mei de aaikes even te sjen, dat is my genôch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)