Ben Rienstra: "Je leert voetbal dan heel snel relativeren"

22 feb 2019 - 16:28

"Laat het duidelijk zijn, ik wil nog steeds alleen maar winnen", seit Ben Rienstra. "Maar als je dit meemaakt, sta je wel even anders in het leven en in de voetbalwereld."

Portret 2 Ben Rienstra

Hearrenfean-middenfjilder Ben Rienstra fertelt oer in jier lyn, doe't syn soan ynienen op de Intensive Care lei. Hy spilet no in goed healjier by Hearrenfean, moast efkes wenne yn it begjin, mar is no hielendal op syn plak. Hy praat oer syn plak op it middenfjild, it 15e plak op de ranglist en oer syn soantsje Raphaël.

Te pletter skrokken

"Het was september vorig jaar, toen ik ons zoontje in bed zag liggen tijdens zijn middagslaapje. We schrokken ons te pletter en zijn meteen naar de huisarts gegaan. Ik zag wel aan zijn gezicht dat het mis was." Ben Rienstra is op dat stuit spiler fan Willem II en wennet yn Brabân. "We zijn doorgereden naar het ziekenhuis en daar gingen alle alarmbellen af. Ze hadden zo'n bloedwaarde in zestig jaar nog nooit meegemaakt."

Op dat stuit ha se gjin idee wat der mei Raphaël oan de hân is. Hy leit tsien dagen yn it sikehûs en it duorret lang foardat se witte wat der er krekt hat. "Ze noemden leukemie en andere mogelijkheden. Daar werd je allemaal niet vrolijk van. Ze hebben zelfs oproepen gedaan op tv, omdat ze niet wisten wat het was." Lang om let kaam it allegear goed. "Het bleek een zeldzame auto-immuunziekte te zijn. Hij heeft een bloedtransfusie gekregen en zijn lichaam heeft zich zelf hersteld. Daar waren we natuurlijk ontzettend blij mee. Afgelopen september zijn we weer in het ziekenhuis in Nijmegen geweest en is het dossier gesloten."

"Je gaat toch anders denken"

Troch dy ûnderfining stiet Rienstra wol wat oars yn it libben. "Het klinkt misschien allemaal wat overdreven, maar je gaat toch anders denken. Laat het duidelijk zijn: ik wil altijd winnen. Nog steeds. En voetbal heeft altijd een belangrijke rol in mijn leven gespeeld en dat doet het nog steeds. Maar je gaat wel anders naar bijvoorbeeld een wedstrijd kijken. Daar waar ik normaal een week ziek was van een nederlaag, heb ik dat nu minder. Het belangrijkste in mijn leven zit hier thuis."

Ben Rienstra en Judith ha yntusken ek in dochter: Estelle. Se hast in jier âld. Doe't se ferline jier berne waard, siet Rienstra nachts yn it sikehûs. Hy twivele efkes, mar reizge nei Kerkrade foar de belangrike degradaasjestriid tsjin Roda JC. Syn ploech Willem II wûn en hy skoarde de iennige goal.

Ben Rienstra1

It wie yn it begjin wol efkes wennen by Hearrenfean, seit Rienstra. "Dat kwam ook doordat de verwachtingen anders waren. Ik werd toch meer voor de aanvallende intenties gehaald, maar speelde verdedigender." Troch de blessuere fan Stijn Schaars spile Rienstra faak kontrolearjender. By Willem II spile hy echt op de '10' as oanfallende middenfjilder, no spilet Michel Vlap dêr en Rienstra op de '8'.

"Ik denk ook dat dat mijn plek is. Maar ik moet niet te controlerend spelen. Ik ben wel een echte box-to-box-speler. Al vind ik dat dat nog wel wat beter mag. Ik wil vaker in de zestien van de tegenstander terechtkomen."

Sifers

Rienstra skoarde foar Willem II tsien kear yn tritich wedstriden. By Hearrenfean spile hy 18 kear yn de basis en skoarde hy twa kear. En ien kear yn de beker. "Publiek kijkt toch naar die cijfers. Dus ik wil wel wat meer scoren. Maar op het begin na ben ik wel tevreden met hoe het nu gaat."

Ben Rienstra2

Gjin degradaasjesoargen

"Ik moet zeggen dat ik daar helemaal nog niet naar kijk." Hearrenfean stiet op dit stuit 15e, mei likefolle punten as nûmer 16 Emmen. En dus in plak yn de neikompetysje. "Ik weet dat we nog twaalf wedstrijden te gaan hebben. Vooral tegen ploegen die in het rechterrijtje staan. We weten dat we de kwaliteit hebben om van die ploegen te winnen. Bovendien, als je had gewonnen tegen PSV, dan stonden we nu tiende. Het staat zo dicht bij elkaar."

Rienstra giet mear út fan it positive. "Ik ben wel een positief mens. We kunnen ook gewoon nog Europees voetbal halen. En ja, ik weet dat we ook kunnen degraderen. Maar ik geloof dat we genoeg kwaliteit hebben om ervoor te zorgen dat het zo ver niet komt."

Boppedat liket it der no op dat it middenfjild mei Schaars, Rienstra en Vlap echt goed stiet. "We speelden tegen Vitesse en PSV echt goed. We hadden ook wel wat meer verdiend dan twee puntjes. We spelen ook zo veel gelijk."

Ben Rienstra3

Fortuna Sittard - Hearrenfean is dizze wike de Wedstriid fan de Wike. Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

Fortuna Sittard - Hearrenfean is sneon live te folgjen op de radio. Fia 92.2 FM of fia dizze webside of app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)