Hille Saakstra (34) nije bûnscoach muorrekeatsen

22 feb 2019 - 15:44

Ljouwerter Hille Saakstra wurdt de nije bûnscoach fan it muorrekeatsen by it KNKB. Earder siet de 34-jierrige Saakstra al by de keatsakademy as koördinator. Hy is ek belutsen by it Nederlânsk Iepen muorrekeatsen, dat yn jannewaris yn Frjentsjer holden waard.

Hille Saakstra - Foto: KNKB

Saakstra wurket fierder as dosint Sport en Bewegen by Impulse yn Kollum. By syn oplieding hat er him dwaande holden mei it trainen en coachen fan sporters en ûndersyk dien nei talintûntwikkeling.

Hy begjint it kommende keatsseizoen mei syn wurksumheden. Syn earste put is it jeugd-EK yn Portugal.

(advertinsje)
(advertinsje)