Letitia de Jong oer WK Sprint: "Top tsien soe hiel moai wêze"

22 feb 2019 - 15:42

Yn Thialf stiet dit wykein it WK Sprint op it programma. De Fryske eagen binne rjochte op Letitia de Jong. De 25-jierrige sprintster út Feanwâlden is de iennige Fryske dielnimmer oan it wrâldkampioenskip. Ferline jier makke sy har debút op it WK mei in achtste plak yn it einklassemint.

Reportaazje training Letitia de Jong

It hat krekt njoggen oere west as ferskate dielnimmers oan it WK sprint it iis fan Thialf opkomme. De lêste training foar it WK ferrint rêstich. Sa no en dan in rûntsje op tempo, mar meastentiids is it útride foar de manlju en froulju. Ek Team IKO is oanwêzich. Letitia de Jong, dy't opfalt om't se as iennige in oranje pak oan hat, hat sa no en dan oerlis mei trainer Erwin ten Hove.

"It gefoel is goed"

"It binne altyd rêstige trainingen sa foar it WK. Mar it gefoel is goed", seit De Jong nei de training. "It is foaral technysk noch wat lytsje dinkjes oanskerpe." It mei dúdlik wêze, Letitia de Jong kin net wachtsje oant it WK sneon begjint. Ek har trainer hat dat sjoen: "Ze staat er prima voor. Ze heeft de hele week goed kunnen trainen en ik denk dat ze een prima toernooi kan gaan rijden dit weekend."

Wêr wol Letitia einigje?

It is in klassike fraach. Wat binne de ferwachtings foar dit WK? De Jong wit net goed hoe't se antwurd jaan moat: "Ik wol gewoan fjouwer goede ôfstannen ride. As it gefoel dan goed is, folgje de tiid en de klassearing fansels wol. In plakje yn de top tsien fan it einklassemint soe hiel moai wêze."

Ten Hove is krekt wat stelliger as syn pupil: "Je bent tevreden als je sporter het beste uit zichzelf haalt. Als je dat in dit geval gaat vertalen naar een uitslag, dan denk ik dat we heel tevreden mogen zijn met een plek bij de eerste acht van het eindklassement."

Wat bringt de takomst?

Neffens har trainer sit De Jong noch net oan har top: "Ze heeft zich dit jaar al enorm verbeterd op de 500 en de 1000 meter. En we denken dat ze nóg een stap kan maken."

Yn de takomst sjocht Ten Hove dan ek dat De Jong in rol spylje kin foar it klassemint: "Als haar basisniveau omhoog gaat, ga je uitschieters krijgen waarmee je internationaal voor het podium mee gaat doen."

Kwoot Erwin ten Hove oer takomst

Twa wike lyn waard Letitia yn it Dútske Inzell noch wrâldkampioen op de teamsprint, tegearre mei Jutta Leerdam en Janine Smit. "Dy erfaring wie geweldich," seit De Jong, "mar mear ek net. Dat nimst fierder net mei nei dit toernoai of sa. Dat hat west."

It WK Sprint wurdt sneon 23 en snein 24 febrewaris hâlden op Thialf. Op beide dagen stiet der in 500 meter en in 1000 meter op it programma. Foar Nederlân komme by de froulju Letitia de Jong, Jutta Leerdam en Sanneke de Neeling yn aksje. By de manlju komme Kjeld Nuis, Kai Verbij en Hein Otterspeer yn aksje.

Op de finaledei is ferslachjouwer Andor Faber op Omrop Fryslân radio te hearren mei ferslach fan de ûntknoping fan it wrâldkampioenskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)