Kolleezje Amelân wol wellness-sintrum opnij ûndersykje

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Amelân wol ûndersykje oft in wellness-foarsjenning op it eardere swimbadterrein yn Nes helber is. Dat wol it kolleezje foarstelle oan de gemeenteried fan it eilân, sa waard freedtemiddei bekend.
© Frank Hulsebos
It plan is opmerklik; yn augustus 2017 stimde de gemeenteried noch tsjin in wiziging fan it bestimmingsplan, dat de komst fan sa'n nij wellness-sintrum mooglik meitsje soe.
Mei it doetiidske beslút kaam in ein oan jierren fan ûnderhannelingen, ûnder mear mei ûndernimmer Harry Westers. Dy hie grutte plannen foar in grut wellness-sintrum op it eardere swimbadterrein. Foarstanners yn de ried fûnen it in oanwinst foar it eilân, tsjinstanners wiene benaud dat it te grutskalich wurde soe.

Helberheid

Yn earste ynstânsje wol it kolleezje no ûndersykje oft de realisaasje fan in welness-foarsjenning op dat plak mooglik is. Ek wurdt sjoen hoefolle hotelakkommodaasje dan nedich is en oft dit kwa romte yn te passen is.

Oare mooglikheden?

As de plannen ekonomysk net helber binne, wol it kolleezje besjen oft der oare rekreative foarsjenningen te betinken binne, of giet de gemeente mei de projektûntwikkeler yn petear oer in oare ynfolling fan it gebiet.
It kolleezje fan It Amelân hopet de resultaten fan it ûndersyk yn septimber oanbiede te kinnen.