Fytsljocht fergees makke
Ynwenners fan Ljouwert kinne tongersdeitenacht har fytsljocht fergees meitsje litte. It giet om in aksje fan it Fytsersbûn, de BOVAG en in leveransier fan reparaasjemiddels. De aksje is ûnderdiel fan de kampanje 'Ik val op', dy't fytsers wiist op it belang fan goeie ferljochting.
De reparaasje-aksje wurdt tongersdeitenacht hâlden omdat dan in soad studinten te stappen gean. Op de Nijstêd stiet in fytsemakker út Ljouwert, dy't foar de reparaasje soarget en ek lampkes útdield.