Trije Friezen oppakt op fertinking fan besit en hannel yn kokaïne

22 feb 2019 - 20:17

De plysje hat trije minsken oppakt by in ûndersyk nei harddrugs yn Noardeast-Fryslân. Se komme fan De Westereen, Dokkum en Ljouwert en binne tusken de 25 en 60 jier âld.

Foto: ANP

By de plysje kamen sinjalen binnen dat der yn Noardeast-Fryslân yn harddrugs hannele waard. Ut it wiidweidige ûndersyk kamen de trije fertochten yn byld. Nei alle gedachten hawwe sy de ôfrûne jierren harddrugs ferkocht. "Het zou vooral om cocaïne gaan", seit plysjewurdfierder Anne Doddema. "Het gaat om het bezit en de handel van de drugs."

Njoggentich dagen fêst

It trijetal waard ôfrûne wike oanhâlden. De manlju binne yn elk gefal foar njoggentich dagen opsletten. De plysje slút meardere oanhâldingen net út, om't it ûndersyk noch net klear is.

(advertinsje)
(advertinsje)